100 Gedichten sms 2014

IN klachinko  |  POSTED :  12:39 0

Gedichten
Ofskie nimme is
mei tankbere hannen oannimme, 
al wat it oantinken wurdich is.
Gedichten sms
Pine sil er nea wer kinne,
it ljocht kaam him temjitte.
Hy hat it goed no, tichtby God,
en wy sille him nea ferjitte.
Gedichten 2014
Gedichten
Gedichten 
As it libben lijen wurdt,
is de dea in útkomst.
Gedichten
It is ús mar liend,
de dingen om ús hinne,
dy’t leaf, fertroud en feilich
alle dagen by ús binne.
Gedichten 2014
It is ús mar liend,
ús libben, sûnens en thús.
Wy pakke it oan
as wie it fan ús.
Gedichten
Mar it is ús mar liend
alles wêr’t wy foar sparje
alles wat wy leaf ha
en alles wat wy bewarje. 
Gedichten 2014
Yn in libben 
as man en frou
is leafde sterker as fertriet.
In libben tegeare
is sprekke en swije
in glimke by dat iene liet.
In libben tegeare
is jaan en nimme,
earlikheid en trou.
Hân yn hân, each yn each,
foar ivich 
man en frou.
Gedichten
Dieuwke Posthumus

Takomst is gjin dream
Net letter, takomst is de dei fan hjoed
Dreamen falle yn it wetter,
As de notiid ús net stjoert.
Net heger,
Gedichten sms
slaan de earste stien net oer.
Mei it bouwurk klimt de steger,
nei de maaibeam op ’en doer.
Net fierder, rin net op ’e tiid foarút
Siedzje moat de iere siedder
foar’t it nije lân ûntsprút.
Takomst is gjin dream,
mar it plantsjen fan in beam.
Sûnder fuotten yn ’e ierde,
bliuwe dagen sûnder dieden.
Takomst is de koartste klap.
Hjoed sette jim de earste stap. 
Gedichten 2014
Troch waarmte kinne wy kjeld oan
troch ferbûnens frijheid
troch leafde haat ferdriuwe
troch swijen wurden begripe
troch ienheid kinne wy twa wêze.
Gedichten
Ytsje Hettinga 

Untaastber
mar wy fiele it hân yn hân.
Unsichtber,
mar wy sjogge it each yn each:
leafde.
Gedichten 2014
Folkert Verbeek 
Leafde
Leaf hawwe is foar leaf nimme
elkoars lekken en brekken;
in net wier makke wurd
oersljochtsje mei in knypeach
Want allinnich sa en net oars
sil jim leafde bestean.
Gedichten
Berber v.d. Geest 

Tegearre 
rinne wy hân yn hân
troch it bosk 
op it strân
Gedichten 2014
Tegearre
kinne wy de hiele wrâld oan.
Wêr't wy ek stean of gean
tegearre binne wy ien.
Gedichten
Hjoed is de dei
Hjoed is de dei
Want hjoed is de dei
Dy komt mar ien kear
Moarn dan is it hjoed al net mear
Net seure, ha wille
Yn ’t libben dat mei
Mar doch it wol hjoed
Want hjoed is de dei
Gedichten 2014
Toon Hermans  

Masker
Foar dy set ik myn masker ôf,
’k jou my mei leafde bleat
Om’t it by dy sa eigen is,
bin ik dêrta yn steat
In oar hoecht net te witten
hoe ûnwis oft ik wêze kin
Hoe kwetsber en ûnseker
oft ik somtiden bin
Gedichten sms
Myn sterke en myn swakte,
do krigest se alle twa
Ik wol se mei dy diele,
mei ik dan dines ha
Gjin leagen dy’t beskerming biedt
by minsken lykas dy
Myn masker hasto nearne sjoen,
do sjochst allinne....my!
Gedichten
Oerset troch K. Kingma-Noordenbos
Dichter ûnbekend

Leafde
Leafde is sterk,
Hja kin wûnders dwaan.
Libbens feroarje,
Lêsten fersêftsje,
It fynt har freugde
Troch freugde te jaan.
It jout ynhâld en glâns,
Oan it libben. 
Gedichten
Gedichten
Gedichten 
Dit is in dei om te ûnthâlden
in dei dy't hiel bysûnder is,
dit is in dei om fan te hâlden
om't dizze dei ús troudei is.
Gedichten 2014
Gjalt Huizenga

       Op ’e tiid sprekke
op ’e tiid swije
op ’e tiid leavje
en triennen feie.
Yn berou
sykje nei harmonije:
dat 's foar altyd
man en frou.
Gedichten
Gedichten
Gedichten 
Ytsje Hettinga   

Yn ’t hastige libben fljocht de tiid
Mei kûgelsfeart foarby
En ûngemurken skrept men sa
Oan alle moais foarby
Besit dat bringt ús it lok net oan
Sa’t men faak hearre kin
Mar dêr hat nimmen hâldfêst oan
Gedichten sms
De earmoed bringt it like min
Mar wa’t hjir op syn libbenswei
It each op ’t eigen hâldt
En dêryn ’t moaie en skientme fynt
Bliuwt jong en wurdt nea âld
Gedichten 2014
Hoatse de Jong

Leafde is elkoar fertrouwe,
tegearre in libben opbouwe.
Tegearre, hân yn hân,
troch it ûnbekende lân.
Soms oer bergen, soms troch dalen*, 
mar tegearre sille wy net ferdwale.
Gedichten
Gedichten
Gedichten 
Wolle jim ús mei wat ferrasse,
lit it dan yn it slúfke passe.
Gedichten sms
De nacht is foarby
de sinne is frij om heech te gean
It lêste wie wrang,
it wachtsjen te lang
Wês mar net bang, nea wer bang,
it hoecht net mear.
Gedichten 2014
Elke moarn sil de wyn wer waaie,
fleane fûgels,
bloeie blommen op 'e nij.
Dochs sil neat yn it libben wer itselde wêze,
want do,
do bist der net mear by.
(Auck Peanstra)
Gedichten

It is en bliuwt ús heit,
de leafste fan de wrâld.
Ik wol him net graach misse
omdat ik fan him hâld.
Hy hat syn rêst no fûn,
dus lit ik heit mar gean.
Myn hert seit dat it goed is,
mar yn myn eagen blinkt in trien.
Gedichten 2014
Lit no dyn wurge lea mar rêste
lis alle wurk en ark mar wei
Ferjit de soarch, dy't dy belêste,
it is no dien, it is foarby. 
Gedichten
Dyn wrâld waard hieltyd lytser
de doar gie stadichoan ticht.
Eltse dei dochs fierder
dyn reis nei it ivige ljocht.
Safolle fragen sûnder antwurd,
wat gie der yn dy om?
Net ien kin it noch fertelle
allinnich God wit wêrom.
Gedichten 2014
Gedichten
Gedichten 
Do bist net mear wêrst wiest
mar oeral wêr't wy binne.

Ofskie docht sa sear.
Gedichten
Ik wie dy't ik wie
ik die sa't ik it die.
Gedichten sms
Der bestiet gjin tiid
en der binne gjin wurden.
De grutte stilte falt,
ferslein en stom.
Yn 'e loft in skiere fûgel.
hy komt net wer werom.
(Auck Peanstra)
Gedichten
De sinne giet ûnder,
mar net út.
Gedichten sms
Foar altyd ôfskie nimme, it docht sa sear,
wat freegje, prate en fertelle, it kin net mear.
Har/syn dwaan en wêzen, wy ferjitte it net.
.. bliuwt foar altyd yn ús hert.
Gedichten 2014
Besletten leit yn 't wrâldsk bestean,
't kommen, wêzen en wer gean.
Gedichten
De kleur fan it libben is skeind.

Gedichten sms
Hy hat de wrâld it alderbêste jûn.
Gedichten 2014

Ik bin te wurch om te praten,
it tinken wol net mear.
Wurgens leit as in tekken
oer myn lûdleas gebed.
Te wurch om Gods wurd te lêzen,
berikt my gjin inkelde sin,
mar droegen troch Gods geast
sliep ik ûnder Syn hoede yn.

Gedichten
Oan dea en ûndergong is treast ferbûn,
want neat wurdt wei, de ierde hâldt sêft
't ûnthjit yn fan nij libben en krêft.

Gedichten 2014
Gedichten
Gedichten 
De Heare hoedet dyn gean en dyn kommen, fan no ôf oant yn ivichheid.
Gedichten
Nea wer yn ús midden
mar foar altyd yn ús hert.

Gedichten 2014
Al it hjoed wurdt straks ferline
mar wat dien is hâldt syn lean.


As it libben neat mear bringt,
bringt de dea alles.

Gedichten
It libben giet wer troch,
mar wy skrieme yn ús hert.

Gedichten 2014
No falt myn jûn,
't Wurdt tsjuster om my hinne.
Straks fal ik
en lit jimme allinne.
Ferjouwing foar fouten
en foar wat der misgien is,
mar kom yn myn nacht
ticht om my hinne stean.
De triennen yn myn eagen
dogge no net mear sa sear,
as jimme my treaste
foar de lêste kear.


Gedichten
Nea wer sil de sinne foar dy opgean
mar yn ús tinzen
sille wy altyd om dy hinne stean.
In soad wille ha wy hân en dan
samar ynienen bisto der net mear.
Dy misse moatte docht ús sa sear.
Gedichten 2014
No is ... der net mear,
mar hy bliuwt yn ús libben,
en is mei ús ferbûn yn leafde en yn ferhalen.

Gedichten
Myn grutste gelok wiesto.
It moaiste fan ús tegearre
binne ús bern en bernsbern.
It dreechste wie it ôfskie.
Tink oan my, mar net yn tsjustere dagen.
Tink oan my, yn 'e strieljende sinne.
Sa't ik wie..., doe't ik alles noch koe.
Gedichten 2014
Gedichten
Gedichten 
Wy wisten: op in kear sil it barre.
Wy wisten: op in kear sil sy der net mear wêze.
Wy wisten: de leeftyd is der nei.
Mar doch, in perioade is foarby, komt net werom.
Wy wisten it, mar dochs...
Gedichten
Alle minsken nimme yn 't libben
in ûnsichtbere rêchsek mei.
Dêr yn ferburgen de moaie dingen
en de triennen.
Meastentiids is er wol te dragen
en is er suver licht,
mar somtiden swier fan stiennen en 
kin er net mear ticht.
Gedichten 2014
It is ús mar liend,
ús ierdske dingen rûnom.
Allinne ús oantinkens
binne ivich ús eigendom.
Gedichten
Ta ús fertriet is nei in warber libben ferstoarn ús leave ...
Gedichten sms
Nei in tiid fan ôfnimmende sûnens is dochs noch hommels ferstoarn ...
Gedichten 2014
Mei al syn/har fleur en kriich hat hy/sy dizze striid net winne kinnen.
Gedichten sms
Oandien binne wy troch it ferstjerren fan...
Gedichten
Tige ûnferwachts is ferstoarn ús ...

Wy binne djip rekke troch it ferstjerren fan ...

De lêste tút...
Gedichten 2014
Unbegryplik,
wy binne der stil fan.
Gedichten sms
Soms is der safolle wat wy fiele,
mar sa'n bytsje wat wy kinne.
Gedichten
Te betiid moatte wy ôfskie nimme fan ...

It libben is allyk
in âlvestêdetocht
soms foar de wyn
soms yn 'e wyn
en oan 'e ein
in krúske
Gedichten 2014
Wêr't gjin wurden foar binne,
moat men se ek net sykje.
Gedichten
(namme) koe wat de measten net mear kinne, en dat is gewoan wêze sa as je binne.
Gedichten sms
In nije dei, in skûtsje sylt foarby.
Spitigernôch moast do ek gean, mar do bliuwst altyd foar ús bestean.
Gedichten 2014
Myn tiden binne yn Jo hân...
Gedichten sms
Noait mear nacht en noait mear soarch en pine.
Gedichten
Mem, lyts wurd yn ienfâld.
Wurd, grut fan ynhâld.
Hân yn hân binne wy gien
oant de drompel ta.
Gedichten 2014
Do silst de sinne fine,
op dizze donkerblauwe jûn.
Foar ivich sil er skine,
do hast dyn frede fûn.
(Gerrit Breteler)
Gedichten sms
It gemis fan it âldershûs sil bliuwe,
mar de moaie oantinkens ek.
Gedichten
De Heare is myn hoeder.
Gedichten sms
It giet der net om watst diest,
of watst wiest.
It giet der om wa'tst west hast.
Gedichten 2014
Do hast fan it libben genoaten,
en wy fan dy.
Safier't wy koene, binne wy mei dy meigongen.
No moatte wy dy gean litte.
Gedichten
Gean litte.
Loslitte.
Loslitte yn ús libben.
Fêsthâlde yn ús hert.
Gedichten 2014
Neat yn it libben
sil wer itselde wêze.
Want ús leave...
is der net mear.
Gedichten
As ik stjer,
lit fertriet dan net lang dyn himel fertsjusterje.
It is in feroaring, gjin ôfskie,
want sa’t de dea in part fan it libben is,
libje de deaden ivich fierder yn de libjenden.
 Gedichten 2014
Harkje nei myn fuotstappen yn dyn hert.
Ik bin net fuort, mar gewoan by dy!
Gedichten
As it libben net mear giet
sa ast hope hiest.
As dy sa'n protte ûntnommen wurdt.
Ast talitte moatst dat in oar foar dy soarget, en it libben net mear dyn libben is. Dan komt der in tiid datst der yn berêst, dat de ein kommen is.
Gedichten 2014
Gedichten
Gedichten 
As skylk de dei wer dei wurdt
gewoan as alle dagen,
elkien syn sin wer hat,
nochris oan dy tinkt by flagen.
Dan gûle wy ús triennen droech
en misse dy noch alle dagen.
Gedichten
Libben kin net dea.
Leafde kin net stjerre.
De dea is al in hoarizon
Wy kinne net fierder sjen.
Mar efter de kime
leit it lân fan beloften.
(Tine Deelstra-Reitsma)
Gedichten 2014
Gedichten
Gedichten 
Allinnich noch mar lizze
gjin krêft mear om te stean.
Sa meager, sa ûnmachtich
sûnde, mar sa moast it gean.
't Is foarby, it koe net langer
foargoed ferfaget no it lûd.
De rêst dy't komt is grif fertsjinne
it wie genôch, sa is it goed.
Gedichten
It wie as namen wy ôfskie,
mar leafde einiget nea.
Se hearde by ús, se heart by ús,
leafde is sterker as de dea.
Gedichten 2014
Gedichten
Gedichten 
It libben stjert net ynienen ôf,
’t giet net samar foarby.
Pas as de wekflam dôve is,
bin ik net mear yn my.
Gedichten

نبذة عن الكاتب

اكتب وصف المشرف هنا ..

اشتراك

الحصول على كل المشاركات لدينا مباشرة في صندوق البريد الإلكتروني

شارك الموضوع

مواضيع ذات صلة

0 commenti:

leb

back to top